FIDEO: Topdrokte by Johan Frisoslûzen, "mar it is te dwaan"

Yn de simmer is it smoardrok by de Johan Frisoslûzen. Op in moaie sinnige dei komme der sa'n 800 boaten trochhinne. Oan slûswachter Sikke van der Brug en syn kollega's de taak dit goed ferrinne te litten.
Fryslân Hjoed op lokaasje: Johan Frisosluzen
"Der kinne ûngefear 31 boaten yn de slûzen", wit Van der Brug. In hiel gedoch somtiden, mar it is wol te dwaan mei syn allen." Spesjaal foar de simmer binne der stewards dy't de boatbestjoerders helpe oan te lizzen.

Wachttiid

Sikke is no seis jier slûswachter. Hy fertelt dat der wol aardich wat feroare is. "Sûnt dat de nije slûs derby is, is de wachttiid folle minder. Earst makken boatsjefarders der in dei út fan om troch de slûs te gean. In praatsje mei de buorman. Alle kearen in stikje opskowe om by de slûs te kommen. Mar no is it oars. Nei 20 minuten kinne se der yn."

Noardseefisker

"Hjirfoar wie ik Noardseefisker, mar yn 2009 ha ik in ûngelok hân en bin ik ôfkard foar it wurk." It nije wurk befalt him goed. Sikke soe wol leaver sels op see wêze. "Mar ik bin bliid dat ik noch wat mei wetter dwaan kin."

Brêge

In dreechste fan it wurk is op dit stuit noch de brêge. "As skippen fan it binnenwetter de Iselmar op wolle moatte se earst lâns de Warnzerbrêge." Dy brêge wurdt fan ôfstân bestjoerd by de slûs en der komme sa'n 40.000 boatsjes del yn it jier. "Dy brêge mei mar sân minuten iepen stean op drokke dagen omdat it ferkear ek trochgean moat."

Johan Frisoslûs

It Johan Frisokanaal is de drokste farwei fan Fryslân. Yn 2017 binne der mear as 32.000 boaten delkaam. Sûnt 1966 foarmet de slûs de ferbining tusken it kanaal en de Iselmar. Yn de simmermoannen moasten der in soad boaten trochhinne, wêrtroch der somtiden in wachttiid wie fan fjouwer oeren. Dêrom is der yn 2014 in twadde slûs fan 65 meter lang bykaam.