Geert fileart #5: In kop sop en it ferhaal fan Taeke

23 jul 2018 - 19:07

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus pas op!

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

"Ik wie ôfrûne sneon yn Jobbegea. Foar de radio die ik ferslach fan it brommerevenemint dêr. In geweldich barren, mei in soad sfear, in protte lûd, in kloft folk, de geur fan hamburgers en bezine en in protte spektakel. Ik haw dêr mei in protte minsken praat. En wat opfoel, dat wie de passy dy't al dy minsken hawwe foar har sport en/of brommer. Ik kaam de Fryske Nozems tsjin, brommerklup fan Meine en Harry. En wat in prachtige ferhalen fertelden se my. Skitterend.

En wat in gastfrijens dêr fan de organisaasje. As ik my ea wolkom field haw, dan wie it sneon wol yn Jobbegea. Spitich dat de 30e edysje tagelyk ek de lêste wie.

En wat in tafal, dat ik middenyn it keatsseizoen yn in plak kom dêr't se neat mei keatsen hawwe. Hooohooo! Dat kloppet net! Jobbegea hat sûnt koart in keatsferiening bliksem! Op 'e Grins hjit dy. Hiel tapaslik. It jongste lid fan de KNKB en it brûst fan de aktiviteit op it terrein achter de skoalle yn Hoarnstersweach, want dêr wurdt keatst.

Wie it dêrom, of om in oare reden, ik wit it net, mar ik waard om de haverklap oansprutsen troch minsken oer it keatsen. Ik fûn dat wol moai. Mar keatsklup of net: in protte minsken joegen wol oan dat sy mei dat keatsen eins it measte net hawwe. "Dit is wat oars as keatsen, jonge. Of net?" Ja, dat brommerevenemint wie wat oars as keatsen, dat is wier. Mar ik fûn it net minder, sa as in protte minsken tochten.

Lykwols fûn ik it moai dat ik snein dochs wer op 'en paad mocht nei in keatsfjild. Sportpark Nijlân yn Ljouwert foarmet de thúshaven fan keatsferiening Onderling Genoegen, Huzum. Echt goede parsefoarsjenningen hie Onderling Genoegen net regele moat ik sizze. Ien taffeltsje oan de râne fan it fjild wie der delklapt. Koenen twa sjoernalisten oan sitte. Te min fansels. En yn de brânende sinne, dus ik kaam jûns as in tomaatsje thús.

Normaal sprutsen wurde je by in keatsferiening goed fersoarge. In fijne tradysje is dat je as iten altyd, ja echt altyd, sop en broadsjes krije. Prima, mar it ferklearret wol wêrom't ik yn de wintermoannen gjin sop mear yt. Mar snein gie it oars. De dame yn de kantine liet ús witte dat in broadsje derôf koe, mar dat wy betelje moasten foar it sop. No kinne wy bêst in bedrachje misse foar in kopke sop, mar wat is dit foar besuniging. Dit is net in sterke aksje as it giet om gastfrijens.

Efkes evaluearje, foarsitter Johannes Dijkstra. Sa moatte je eins net omgean mei minsken dy't in lange dei oan it wurk binne om dyn keatspartij te ferslaan en yn de publisiteit te bringen. Ynformearje desneeds efkes by it brommerevenemint yn Jobbegea. En nim dan it ûnderkommen fan de ferslachjouwers ek efkes mei yn it neipetear. Soe moai wêze.

Dochs wie it in bysûndere dei yn Huzum, dêr't gelokkich genôch wetter servearre waard. En wat in keatserij. 'Bijltjesdag' wie it yn Huzum. Alles wat der oant no ta sa faak mei de krâns om de nekke fan troch gie, gie der yn Huzum ôf. By de froulju it partoer fan Nynke en Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra. Op de twadde list ôfservearre en sy moasten it dwaan mei de lytse preemje.

By de manlju wie it hielendal 'bijltjesdag'. Alle toppartoeren prestearren ûndermaatsk en waarden der ôffage. Mei as meast opmerklike ferlies fansels dat fan de formaasje Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Pynlik, dat ferlies op de earste list. Omdat dêrtroch net it rekôr fan acht wedstriden op rige winne helle waard. Pynlik ek, omdat it foar gjin meter rûn. Pynlik omdat it barde tsjin in partoer wêrfan't twa fan de trije keatsers amper de iene poat foar de oare krije koenen. Hylke Bruinsma hat in knibbelblessuere. Mei in protte muoite, pynstillers en ynjeksjes knokt hy him nei in ôfskied op de PC. Erwin Zijlstra hie sawat twa krukken en in rollator nedich om de bal yn it perk te krijen. Sa sear die syn rêch. En dochs winne fan sa'n topformaasje. Bysûnder.

Fansels gie ik (let) nei de partij efkes by de ferliezers lâns. Ik trof Taeke. En frege him oft hy efkes in ynterviewke jaan woe. Dat woe Taeke net. Hy fûn it gjin nijs en tendearre sels wat nei 'sensaasje'-ferslachjouwing. Ik wie wat ferwûndere oer de reaksje. Taeke, in yntelliginte jonge, dy't altyd klearstiet foar de parse. Taeke dy't altyd in goed en nuansearre ferhaal hat. Dy Taeke woe no net reagearje?

Ik socht it yn de argumintaasje. Dat wy him en syn maten alle wiken wer foar de kamera en mikrofoan hellen om it súksesferhaal te fertellen. Dat sy altyd ree wienen om kommentaar te jaan. Dat it no, no't dy rekôrpoging net slagge is, fansels ek logysk is dat wy dêr efkes op weromsjen wolle. Dat ik der net foar mysels stean, mar foar myn harkers en sjoggers. Dat ik dus gewoan myn wurk doch en uteraard gjin inkele foarm fan leedfermaak haw om it ferlies fan Taeke en dy. Mar dat yn de sport no ien kear de regel jildt 'yn goeie en minne tiden'. Sjoch nei de fytsers yn de Tour. En doe barde der wat moais. Taeke syn blik feroare. Hy tocht nei oer myn wurden. Seach der de reedlikheid fan yn. En sei: "Ik kom sa efkes by dy."

Trije minuten letter wie hy der. En lei hy foar kamera út wêr't it misgean wie en hoe't sy mei dit ferlies omgean sille yn de rjochting fan de PC. Gewoan, sa as Taeke dat as gjin oar kin. Rêstich, gedegen, kritysk op himsels en relativearjend as it giet om de folgjende partijen en noch altyd hiel bewust fan de eigen kwaliteiten. En Taeke liet nei dizze minne dei sjen wat hy is: op en bûten it fjild in topper."

Trefwurden: 
keatsen Geert fileart
(Advertinsje)
(Advertinsje)