Brânwacht is wach en dwêstet rap natuerbrân op Skylge

23 jul 2018 - 16:34

Op Skylge hat de brânwacht moandeitemiddei in natuerbrân blusse moatten. Op de Dwersdyk yn Easterein wie in brân, mar trochdat de brânwacht der rap by wie, wie it fjoer gau dwêst.

Natuerbrân op Skylge - Foto: FrieslandActueel.nl

Mei de drûchte is de brânwacht ekstra op de hoede. By it bestriden fan de brân ha twa trekkers fan in leanbedriuw holpen. De brânwacht fan Skylge hat mei de drûchte en waarmte de beskikking krigen oer in ekstra wein dy't levere is troch de boskbrânwacht.

Trefwurden: 
brânwacht Skylge
(advertinsje)