Frou yn Aldhoarne fan 'e dyk riden troch eks

23 jul 2018 - 16:33

De plysje siket tsjûgen fan in ynsidint yn de nacht fan snein op moandei op de Skoatterlânskewei yn Aldhoarne. In frou waard dêr krekt nei 12 oere troch har eks-man klem riden en fan de dyk treaun.

Ek fernielde hy de auto fan de frou. De frou hat oanjefte dien tsjin har eks. Neffens har soe der in bestjoerder fan in grutte swarte 4×4-auto mooglik tsjûge west hawwe. De plysje hopet dat dy eventuele tsjûge kontakt opnimt.

Trefwurden: 
plysje frou klem ride
(advertinsje)