Cambuurspilers sjonge It Woanskip

Cambuur hat dit seizoen fiif nije spilers út it bûtenlân wei. Twa út Dútslân, twa út Frankryk en ien út Letlân. En der wie al in Japanner. Dêrom krije se Nederlânske les. En mei help fan de Nederlânske dosint en Omrop Fryslân diene se ek karaoke. En net samar karaoke. Se sjonge it klupliet fan Cambuur: It Woanskip.
Cambuurspilers sjonge It Woanskip
Om de fiif nije spilers út it bûtenlân better kennen te learen, hjir in profyl fan dizze nije spilers:
David Sambissa © Omrop Fryslân

David Sambissa

Leeftyd: 22 jier
Nasjonaliteit: Frânsk
Posysje: Linkerferdediger
Foarige klups: Girondins de Bordeaux, Jong Twente
Emmanuel Mbende © Omrop Fryslân

Emmanuel Mbende

Leeftyd: 22 jier
Nasjonaliteit: Kamerûnsk en Dútsk
Posysje: Ferdediger
Foarige klups: SC Weitmar, Borussia Dortmund, Birmingham City, Chemnitzer FC
Robin Maulun © Omrop Fryslân

Robin Maulun

Leeftyd: 21 jier
Nasjonaliteit: Frânsk
Posysje: Oanfallende middenfjilder
Foarige klups: Girondins de Bordeaux en FC Trélissac
Andrejs Ciganiks © Omrop Fryslân

Andrejs Ciganiks

Leeftyd: 21 jier
Nasjonaliteit: Letsk
Posysje: Linkermiddenfjild
Foarige klups: Skonto Riga, Bayer Leverkussen, Viktoria Köln en Schalke 04
Kevin Schindler © Omrop Fryslân

Kevin Schindler

Leeftyd: 30 jier
Nasjonaliteit: Dútsk
Posysje: Rjochteroanfaller
Foarige klups: Werder Bremen, Hansa Rostock, FC Augsburg, Duisburg, Sankt Pauli, Wehen Wiesbaden, FC Cincinnati