Wurkstraf foar Drachtster om't er Fryske FC Grins-spiler stutsen hat

23 jul 2018 - 15:37

In 20-jierrige Drachtster hat 80 oeren wurkstraf krigen foar it stekken fan in man nei in rûzje. It slachtoffer is de 20-jierrige Gerald Postma fan Stynsgea. Hy is fuotballer fan FC Grins en hie in pear moanne dêrfoar in profkontrakt tekene. Neffens de offisier fan justysje wie Postma bang dat syn proffuotbalkarriêre op it spul kaam te stean.

Fuotballer Gerald Postma wie it slachtoffer fan de stekpartij - Foto: www.orange-pictures.nl

Postma hie op in feestje yn Drachten wurden krigen mei de dieder. Nei it feestje waard hy oanfallen en stutsen mei in mes yn de boppeskonk. Mei trije hechtingen moasten de ferwûningen tichtmakke wurde. Neffens de dieder wie Postma de oanfaller en woe hy himsels ferdigenje mei it mes. De rjochter leaut dat lykwols net. Op de telefoan fan de Drachtster waarden ek foto's fan messen fûn. Hy sammelet messen. It mes dêr't hy Postma mei ferwûne hat hy earne yn in sleat smiten.

De rjochter feroardiele de Drachtster njonken de 80 oeren wurkstraf ek ta it beteljen fan 800 euro smertejild en it beteljen fan de skea oan de klean fan Postma. Postma fuotballet yntusken wol wer.

Trefwurden: 
wurkstraf stekpartij
(advertinsje)
(advertinsje)