Undersyk froulju yn ferwachting stopset; trije pasjinten by MCL

It Amsterdam Universitair Medisch Centrum hat in ûndersyk nei froulju dy't yn ferwachting binne per direkt stopset. Ek it MCL yn Ljouwert wurke oan it saneamde STRIDER-ûndersyk mei.
© ANP
By it MCL diene trije fourlju mei oan it lanlik ûndersyk, sa falt te lêzen yn de taljochting fan it AMC. It sikehûs yn Ljouwert woe der sels neat oer sizze.

Brief

In wurdfierder fan it sikehûs yn Amsterdam befêstiget de berjochten dy't Hart van Nederland dêr oer hat. Dy hiene in brief yn hannen krigen, dy't stjoerd wie nei dielnimmers oan it ûndersyk, mei it boadskip dat it ûndersyk stopset wurdt.
Der binne oanwizingen dat by dat ûndersyk poppen mei in groeiefterstân nei de berte ferstjerre kinne. By it ûndersyk binne alve poppen nei de berte ferstoarn.

Bisto of kinsto ien dy't by it MCL meidie oan it STRIDER-ûndersyk? Dan komme wy graach mei dy yn kontakt. Dit kin fia ús e-mailadres redaksje@omropfryslan.nl of telefoannûmer (058) 299 77 99.