Simmerwaar soarget foar út- en ôfstel fan sporteveneminten

De waarmte en drûchte ha ek gefolgen foar sporteveneminten. De gersbaanraces foar it Nederlânsk kampioenskip yn Noardwâlde, dy't snein holden wurde soenen, geane net troch. In hurdrinevenemint by Aldehaske begjint woansdei in oere letter.
It Dutch Open Grass Track, sa't de wedstriid yn Noardwâlde hjit, is ôflast fanwege de drûchte. It is net ferantwurde om de races te hâlden op de baan fan Rensport Noordwolde. Frijwilligers fan de klup wienen al fan maaie ôf dwaande om de baan yn oarder te meitsjen foar it NK. Se meie gjin wetter út de njonkenlizzende feart brûke om de baan te ûnderhâlden. Neffens de lanlike motorsportferiening KNMV wurdt socht nei in ferfangende datum foar it NK.
De Nannewiidrin yn en om Aldehaske start takom woansdei fanwege de hege temperatueren in oere letter. Alle starts binne yn stee fan 19.15 oere no om 20.15. Ek binne der ekstra drinkposten by it hurdrinevenemint.