Grutste oerwinning SC Cambuur

04 nov 2011 - 21:51

Sportklup Cambuur hat de grutste oerwinning fan it seizoen behelle. Yn eigen hûs waard MVV mei 5-1 oprôle. Binnen in kertier stie de thúsploech al mei 2-0 foar, troch goals fan Mark de Vries en Sandor van der Heide.

Fuort nei it skoft (16 sekonden) makke Erik Bakker út in prachtoanfal de 3-0. Melvin de Leeuw soarge foar de 4-0 en Erik Bakker skeat Cambuur út in strafskop nei 5-0. Yn de lêste minút koe Lloyd Borgers de eare rêde foar MVV, hy bepaalde de einstân op 5-1.

(advertinsje)
(advertinsje)