'Trochstart stoomtreinprojekt'

04 nov 2011 - 20:33

Pleatslik belangen, VVV's, bedriuwen en organisaasje yn Súdwest-Fryslân freegje yn in brief oan de provinsje en de gemeente om te wurkjen oan in trochstart fan it stroomtreinprojekt. De Friese Stoomtrein Maatschappij frege fan 'e wike it fallisemint oan, fanwege grutte finansjele problemen.

De trein soe ride tusken Snits en Starum en soe soargje moatte foar in soad ekstra toeristen. De regio kin dat goed brûke, sizze de pleatslik belangen en de oare organisaasjes.

(advertinsje)