Cornelis fuort út Gouda

04 nov 2011 - 19:28

Ald-boargemaster Wim Cornelis fan Opsterlân hâldt op as boargemaster fan Gouda. Hy hat fan 'e wike syn ûntslach yntsjinne bij de Kommissaris fan de Keninginne yn Súd-Hollân. Cornelis giet earder mei pensjoen. Hy rekke de ôfrûne moannen yn opspraak troch mooglik ûnrjochtmjittichheden by de bou fan in hûs yn Gana en de tsjinstreizen nei dat lân.

Cornelis wie oant 2001 boargemaster yn Opsterlân. Doe makke er de oerstap nei Gouda.

(advertinsje)
(advertinsje)