FNV: "Boufakkers goed beskermje tsjin de waarmte"

23 jul 2018 - 11:51

Boufakkers moatte mei it waarme waar faker skoft nimme, seit it fakbûn FNV. It fakbûn riedt boufakkers oan om kuolfesten oan te dwaan, kuolpetten en sinnebrillen op te setten en in soad wetter te drinken.

Foto: ANP

Boppedat moatte boufakkers safolle as mooglik yn it skaad wurkje en net yn de baarnende sinne, en harren om de twa oeren goed ynsmarre. FNV Bouwen en Wonen sil tiisdei rûnom yn Fryslân fleskes wetter útdiele.

Moandeitemoarn aktivearre it RIVM it Nasjonale Hjitteplan. It RIVM lit it hjitteplan yngean by oanhâldend waarm waar, dat dogge se yn oerlis mei it KNMI. In belangrike faktor om it hjitteplan te aktivearjen is de maksimumtemperatuer, as dy boppe de 27 graden útkomt. Ek de ferwachte nachttemperatuer en de luchtfochtigens spylje mei.

Trefwurden: 
waarmte FNV boufakkers
(advertinsje)
(advertinsje)