Oenema wint earste 500 meter
Thijsje Oenema fan De Jouwer hat by de NK ôfstannen yn iisstadion Thialf de earste 500 meter wûn. Se ried de ôfstân yn 38,41. It wie har bêste tiid ea yn Thialf. Margot Boer, de kampioen fan ferline jier, waard twadde yn 38,65. Annette Gerritsen lei beslach op it tredde plak, yn 38,93. By de manlju waard Jesper Hospes mei in nij persoanlik rekôr kreas tredde, achter Jan Smeekens en Michel Mulder. De twadde 500 meter wurdt sneon ferriden.