Ljouwerter smyt Cobra 6-fjoerwurkbom nei boatsje mei gesin

In 35-jierrige Ljouwerter is snein oanhâlden nei't hy in Cobra 6-fjoerwurkbom nei in boatsje smiten hie. In gesin mei twa bern lei mei it boatsje oan by de Nijewei, doe't se in hurde knal hearden. De bern skrokken bot en rekken oerémis. Doe't de heit de Ljouwerter op syn gedrach oanspruts, ûntstie der rûzje.
De plysje helle de fjochtersbazen útmekoar en hâld de Ljouwerter oan. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk. Neffens de plysje hat in Cobra 6 deselde krêft as in granaat.
In 49-jierrige Ljouwerter dy't him mei de oanhâlding bemuoide en derby in plysjeman fêstpakte, is ek oanhâlden. De man moat him op 26 novimber by de plysjerjochter melde.