Bergsma kampioen op 5 km

04 nov 2011 - 17:11

Jorrit Bergsma hat freed ferrassend de 5 kilometer wûn op de nasjonale ôfstânskampioenskippen reedriden. Mei in tiid fan 6.17,83 wie hy Bob de Jong en Sven Kramer de baas. It is foar it earst dat Bergsma Nederlânsk kampioen wurdt op in yndividuele ôfstân.

Alle eagen wiene op foarhân rjochte op Kramer, dy't dit wykein syn weromkaam nei in swiere blessuere. Hy koe de favoriterol net wiermeitsje. Jan Blokhuijsen waard fjirde, Douwe de Vries kreas fiifde.

(advertinsje)