RIVM aktivearret Nasjonale Hjitteplan: ekstra goed soargje foar kwetsbere minsken

It RIVM hat it Nasjonale Hjitteplan aktivearre. It ryksynstitút ropt minsken op om ekstra goed te soargjen foar kwetsbere minsken, lykas âlderein, groanysk siken, minsken mei oergewicht en bewenners fan fersoargingshuzen.
De GGD oer it hjitteplan
Ek hiel jonge bern ha mear omtinken nedich. Sy moatte koel bliuwe en genôch drinke.
Maatregels tsjin de sinne en de hjitte:
It RIVM lit it hjitteplan yngean by oanhâldend waarm waar, dat dogge se yn oerlis mei it KNMI. In belangrike faktor om it hjitteplan te aktivearjen is de maksimumtemperatuer, as dy boppe de 27 graden útkomt. Ek de ferwachte nachttemperatuer en de luchtvochtigens spylje mei.
De krêft fan de sinne is de kommende dagen sa heech dat de hûd binnen 15 minuten ferbrâne kin.
Gea de Meer fan de GGD oer de hjitte
Roelien Witvoet fan thússoarch Friese Land oer de drûchte

Koade giel

It KNMI hat koade giel ôfjûn fanwege de oanhâldende hjitte. Dy koade jildt foar hiel Nederlân, útsein de Waadeilannen.
RIVM aktivearret Nasjonale Hjitteplan: ekstra goed soargje foar kwetsbere minsken