Groep fan 335 jongeren nei Noarwegen foar syltocht Tall Ships Races

23 jul 2018 - 10:03

In groep fan 335 jongeren stapt kommende sneon op fleanfjild Eelde op it fleantúch nei Stavanger yn Noarwegen. Dêr stappe se op ferskate Tall Ships, om as trainee diel te nimmen oan de lêste etappe fan de Tall Ships Races nei Harns.

Foto: Arthur op Zee

De races binne mei sa'n 3.000 bemanningsleden de grutste ynternasjonale oseaanraces. De helte fan de bemanning bestiet út trainees tusken de 15 en 25 jier. Op 29 july sette de sylskippen ôf út Stavanger om nei in wike silen oan te kommen by de finish tusken Skylge en Flylân. Fan dêrút sile de skippen yn kolonne nei Harns. Dêr is op 3 augustus de Sail In, it iepeningsspektakel fan de Tall Ships Races yn Harns.

De oanslutende eveneminten yn Harns duorje oant en mei 6 augustus.

(advertinsje)
(advertinsje)