Ljouwert yn desimber omtsjoend yn Dickensstyl

23 jul 2018 - 08:30

Charles Dickens komt yn desimber ta libben yn Ljouwert. De Fryske haadstêd wurdt 15 en 16 desimber omtsjoend yn de sfearen fan de tiid dêr't de 19e iuwske Ingelske skriuwer yn libbe.

De Charles Dickens dagen yn Deventer - Foto: ANP

It is de earste edysje fan de Charles Dickens dagen yn Ljouwert. De binnenstêd sil it dekôr wurde fan koaresang, strjitteäter, kreamkes en figuranten. Ek komt der in grute krystmerk yn it sintrum en wurdt it minydoarp Dickensville boud op it Aldehoustertsjerkhôf.

(advertinsje)