Kollum: "Mei in ezel op fakânsje"

23 jul 2018 - 07:23

"Teätermakker Tjerk Ridder is mei in ezel ûnderweis fan syn wenplak Utrecht nei Grins. Dat lies ik dit wykein op de Omrop-webside. Mei in grutte smile op myn gesicht beseach ik it filmke fan Tjerk en syn ezel Lodewijk. It bist kuieret sûnder tou achter him oan; fantastysk om te sjen. Ik soe sa wol mei him ruilje wolle. Want mei in ezel op fakânsje, wa wol dat no net?

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

No woansdei sille wy op fakânsje. Fan tefoaren moat der noch fan alles regele wurde. Ik moat de lêste teksten skriuwe, mailtsjes beäntwurdzje, it hûs opromje, de wask dwaan en fansels de tas ynpakke. Myn to do list hat noch noait sa lang west as foar de fakânsje. En dat wylst it just de bedoeling is om efkes in slow down-momint te nimmen. Efkes op 'e remme. Mar yn stee fan te remjen, jou ik allinnich mar gas. Yn galop draaf ik dizze dagen fan hot nei her om alles mar op tiid ôf te krijen.

En dat jildt net allinnich no foar de fakânsje. Ik fernim oan mysels dat ik konstant yn galop bin. Yn de auto ergerje ik my oan elke drege rider foar my. Stiet der in mini-filetsje foar it akwadukt yn Ljouwert dan sjit ik al yn de stress. Der is kontinu in stimke yn my dat ropt: 'Jou gas, jou gas'. Om gek fan te wurden.

Dat wurd ik dus somstiden ek. Gek fan mysels. Simpelwei omdat ik neat mear kalm dwaan kin. Alles moat yn fersnelling fiif. As ik ergens bin, tink ik stikem al wer oan wat der de rest fan de dei noch op it programma stiet. Echt genietsje is der net mear by. Ik merk it oan mysels en dochs doch ik der neat oan om it te feroarjen.

Stikem bin ik jaloersk op Tjerk en syn ezel. Dy kalmte fan it kuierjen. Net hurder kinne as watst sels berinne kinst. Gjin drokte oan de kop. It liket my hearlik. Net dat ik sa'n sweverich type bin dat pylgertochten rinne wol nei Santiago de Compostella, hielendal net. Mar wat soe it hearlik wêze om efkes los te reitsjen fan dy ivige fiifde fersnelling. Om yn de ien troch it libben te rôljen - of better noch: yn de frij.

Dus ha ik in rigoereus beslút naam. Fan woansdei ôf giet de telefoan tsien dagen lang út. Gjin drokte mear oan de kop. Gjin mailtsjes dy't dei en nacht binnenkomme en dan ek fuort beäntwurde wurde moatte. Gjin telefoantsjes mei spoedopdrachten. Gjin appkes mei fersykjes oft ik gau noch efkes in stikje skriuwe kin. Hielendal neat.

Ik hoopje dat it my sa poerbêst befalt dat ik dat gefoel ek nei myn fakânsje fêsthâlde kin. Dat ik miskien ris oerskeakelje nei de twadde fersnelling, mar net mear sa jachtich troch it libben flean as no. Mar ik ken mysels. De kâns is grut dat it gaspedaal nei de simmer wer hielendal yndrukt wurdt. Wat dat betreft bin ik in gruttere ezel as Lodewijk.

Noflike fakânsje!"

(advertinsje)
(advertinsje)