Welcome to The Village: lûdsnoarmen feroarje, oars kinst gjin festival organisearje

Der moat wat feroarje oan de lûdsnoarmen yn Ljouwert, oars wurdt it dreech om dêr festivals te organisearjen. Dat seit festivaldirekteur Bianca Pander fan Welcome to The Village. Se is tefreden oer hoe't it festival ferrûn is, mar foar takom jier moatte de organisaasje en de gemeente wol werom nei de tekentafel. Op de earste jûn gie it festival de lûdsnoarmen te boppe. "Dat wie in muoilike start, mar dêrnei ha we fantastyske dagen hân", seit Pander.
Bianca Pander fan Welcome to The Village
"We ha no safolle besikers", seit Pander op de lêste middei fan it festival. "In hiel soad Ljouwerters dy't noch even komme." Guon minsken kamen sels om harren stipe blike te litten. Dat hat alles te krijen mei de falske start fan it festival. Pander: "It wie in yngewikkeld ferhaal hoe't it lûd metten waard. Mar freed ha we in goed petear hân mei de gemeente. Tegearre ha we sjoen nei hoe't we it oplosse koenen foar dit jier."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn petear mei Bianca Pander
Omrop Fryslân op Welcome to The Village
De oare jûnen wienen der gjin problemen mear. Troch de wike is it tastiene lûd oars as yn it wykein, dêrom koe it festival hast folslein trochgean mei de programmearring. Pander: "Nei de muoilike start ha we fantastyske dagen hân. We krije ek hiel positive reaksjes op it programma." Op freed- en sneontenacht moast de muzyk wol út nei 01.00 oere om lûdsoerlêst foar te kommen. It programma waard dêrtroch licht oanpast.

Leafst yn Ljouwert bliuwe

Foar takom jier moat der lykwols wol wat feroarje, fynt Pander. "Oars kinst hjir gjin festivalwykein organisearje. We wolle de buorren gjin oerlêst jaan, mar op it festival wolle we al sels bepale kinne hoe lûd it is, salang't we mar gjin oerlêst feroarsaakje."
In oare lokaasje foar it festival sykje tinkt Pander leaver net oan. "We komme hjir allegear sels wei, dêrom wolle we it festival graach hjir hâlde. Dat wurdt in útdaging, mar dy geane we oan."
Bianca Pander, direkteur Wekcome to The Village © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer