FC Utrecht kloppet wer oan by Hearrenfean foar Henk Veerman

22 jul 2018 - 19:23

FC Utrecht hat him wer meld foar Henk Veerman by Sportklup Hearrenfean. De klup besocht ferline jier de spits ek al oan te lûken, mar dat slagge doe net. Veerman hat no noch in kontrakt foar in jier. Utrecht siket in nije spits as Cyriel Dessers fuort giet.

Foto: www.orange-pictures.nl

Hearrenfean freget sa'n 400.000 euro foar Veerman. As Dessers fuortgiet, wol Utrecht foar him in ferfanger oanlûke en binne de Frânske spits fan Paris Saint Germain Jean-Christophe Bahebeck en Veerman de opsjes foar Utrecht.

Veerman spilet sûnt begjin 2015 foar Sportklup Hearrenfean. Yn 95 kompetysjewedstriden makke de Volendammer 17 goals.

Sneon wie Veerman ynfaller yn de oefenwedstriid tsjin Kayserispor. Yn de twadde helte makke hy de winnende goal foar de ploech fan Jan Olde Riekerink.

(advertinsje)
(advertinsje)