Fjouwer dielnimmende partoeren oan keats-off PC bekend

22 jul 2018 - 18:11

Mei noch oardel wike oant de PC is bekend hokker fyftjin partoeren har streekrjocht pleatst hawwe foar de belangrykste keatswedstriid en hokker fjouwer yn de keats-off stride om it lêste plakje. De partoeren Johan Diertens, André van Dellen, Wierd Baarda en Bouke Willem Tuinman nimme it takom tongersdei yn Frjentsjer tsjin inoar op yn de keats-off.

Foto: ANP

Seis dagen nei de keats-off is de PC op it Sjûkelân. De heechste fyftjin partoeren fan de aktuele ranglist binne nei de wedstriden fan snein 22 july wis fan dielname. De wedstriden fan snein ha gjin feroaring brocht yn de earste fyftjin. Ek de fjouwer partoeren dêrnei, dy't dus meidogge oan de keats-off, stienen foar snein al op plakken 15 oant en mei 19. Allinnich oan de folchoarder is wat feroare.

Dielnimmers keats-off:

  • André van Dellen, Gerrit Jan Duiven en Lennart Adema
  • Wierd Baarda, Pieter van der Schoot en Tsjerk Elsinga
  • Johan Diertens, Erik Haitsma en Steven de Bruin
  • Bouke Willem Tuinman, René de Haan en Wybren Postma

De heechste fyftjin partoeren op de rankingslist dy't har streekrjocht pleatse foar de PC:

  1. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra, Tjisse Steenstra
  2. Bauke Triemstra, Dylan Drent, Hendrik Kootstra
  3. Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma, Erwin Zijlstra
  4. Enno Kingma, Renze Hiemstra, Hans Wassenaar
  5. Remmelt Bouma, Jelte Visser, Willem Heeringa
  6. Peter van Zuiden, Allard Hoekstra, Thomas van Zuiden
  7. Jelte-Pieter Dijkstra, Bauke Dijkstra, Evert Pieter Tolsma
  8. Jelle Attema, Kees van der Schoot, Sjoerd de Jong
  9. Marten Bergsma, Pieter Jan Plat, Jan Schurer
  10. Auke Boomsma, Marten Feenstra, Laas Pieter van Straten
  11. Elgar Boersma, Hyltje Bosma, Hendrik Bouwhuis
  12. Patrick van Dellen, Hendrik Jan van der Velde, Aloys Freitag
  13. Durk Ennema, Jacob Klaas Haitsma, Patrick Scheepstra
  14. Arnold Zijlstra, Pier Piersma, Haye Jan Nicolai
  15. Paul Dijkstra, Gabe-Jan van Popta, Stefan van der Meer
Trefwurden: 
keatsen PC 2018 keats-off
(advertinsje)