IIsko's foar bewenners en meiwurkers Dongeraheem

De 76 bewenners fan soarchsintrum Dongeraheem yn Dokkum waarden sneintemiddei allegear traktearre op in iisko. De direksje fan de Kwadrant-soarchgroep wol sa bewenners en meiwurkers stypje by dizze hege temperatueren.
IIsko's foar bewenners en meiwurkers Dongeraheem
Ferpleechkundige Sandra Varkevisser dielde iisko's út
De traktaasje past poerbêst by it waarmteprotokol dat yn Dongeraheem jildt. Fanwege de hege temperatueren krije de bewenners al in skoftke ekstra drinken. In iiskokar makke de traktaasje klear foar de yngong fan Dongeraheem en dêr waarden de iisko's ek útdield troch de meiwurkers. De bewenners wiene goed te sprekken oer dit inisjatyf. "Ik hâld wol fan moai waar. Dit kin om my wol faker", laket bewenner Gjerryt Bilker.

Ekstra kwetsber

Minsken fan hege leeftyd binne ekstra kwetsber by hjit waar. De meiwurkers tinke der dêrom om dat de bewenners genôch drinke en hâlde ek yn 'e gaten dat de minsken net te lang ûnbeskerme yn de gleone sinne sitte. "Ik sit alle dagen in skoft bûtendoar", fertelt Jitske Fokkema. "Mar wol mei de pet en de sinnebril op. Boppedat smar ik my goed yn."
Yn Dongeraheem wurde geregeld aktiviteiten foar de bewenners organisearre, mar dêrby is de opkomst yn 'e regel in stik leger as by it iisko-iten fan sneintemiddei. De iisko-aksje fan Kwadrant bliuwt net beheind ta Dongeraheem. Ek de oare lokaasjes fan de soarchgroep kinne in besite fan de iiskokar ferwachtsje of hawwe dy al hân.