Troch blessueres teistere partoer Menno van Zwieten wint Huzum

22 jul 2018 - 16:37

Nettsjinsteande de blessueren yn it partoer, ha Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Hans Wassenaar (ynfaller foar Erwin Zijlstra) de oerwinning pakt yn de frijeformaasjepartij yn Huzum. Op 5-1 en 6-2 tsjin it partoer Peter van Zuiden makke Van Zwieten mei in sitbal dien wurk.

Foto: Henk Bootsma

It wie om meardere redenen in bysûndere oerwinning foar it partoer van Van Zwieten. De opslagger sels is wol fit, mar fierder wurdt syn partoer teistere troch blessueren. Hylke Bruinsma wie blessearre rekke mei it fuotbaljen en hâldt nei de PC fan dit jier op mei keatsen. Erwin Zijlstra foel snein út mei in rêchblessuere en waard ferfongen troch Hans Wassenaar.

Boppedat skeakelen Van Zwieten-en-dy yn de earste omloop (doe noch mei Zijlstra) de favoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra út: 5-3 en 6-4. Dêrmei beëinigen se de rekôrrige oan oerwinningen fan Van der Bos-en-dy.

Yn de twadde omloop stie it trio Van Zwieten tsjinoer Jelle Attema, Kees van der Schoot en Sjoerd de Jong. Ek doe waard wûn en fia in steand nûmer kamen se yn de finale.

De tsjinstanners yn de finale, Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Alle Jan Anema, wûnen yn de earste omloop fan Marten Bergsma-en-dy, dêrnei fan it partoer Elgar Boersma en yn de heale finale makken se in efterstân goed tsjin Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Dat partoer waard tredde.

(advertinsje)