Partoer Ilse Tuinenga wint keatsen yn Huzum
Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra ha de frijeformaasjepartij yn Huzum wûn. Yn de finale fersloegen se it partoer fan Tineke Dijkstra mei 5-0 6-4. Dijkstra, Sandra Hofstra en Annelien Broersma (ynfallen foar Louise Krol) hienen yn de twadde omloop noch foar in ferrassing soarge troch mei 5-3 6-6 te winnen fan de favoriten, Nynke Sijbrandij-en-dy.
Yn de finale wie it ferskil tusken Tuinenga en Dijkstra lykwols grut. Tuinenga-en-dy wienen kamen de earste twa omlopen ek al sûnder al te grutte problemen troch. Earst wûnen se mei 5-0 6-6 fan Amarins de Groot, Mintje Meintema en Ineke van der Ploeg. Dêrnei moasten Elly Hofman, Marte Altenburg en Martzen Deinum der mei 5-2 en 6-0 oan leauwe.
De lytse preemje wie foar it partoer Sijbrandij. Sy wûnen mei 5-3 6-6 fan Hofman-en-dy.