Oerwinningsrige partoer Van der Bos einiget yn Huzum

It favorite partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra is snein al yn de earste omloop yn Huzum sneuvele. Yn de frijeformaasjepartij ferlearen se, nei sân oerwinningen op rige, mei 5-3 en 6-4 fan Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra.
Taeke Triemstra yn Huzum
Troch it ferlies ferbetteret de formaasje fan Van der Bos it rekôr út 1981 krekt net. De sân oerwinningen op rige is presys likefolle as it rekôr fan Jarich van der Veen, Johannes Brandsma en Reinder Triemstra, de heit fan Taeke.
De betide útskeakeling fan Van der Bos wie net de iennige ferrassing yn Huzum: ek it partoer fan Enno Kingma ferlear yn Huzum al yn de earste omloop. It trio Jelle Attema wie te sterk.

Sân oerwinningen op rige

Dit wie de yndrukwekkende oerwinningsrige fan Van der Bos-en-dy: