Reza Ghoochannejhad makket transfer nei Syprus

22 jul 2018 - 14:00
Foto: AW Foto

Reza Goochannejhad út Ljouwert makket in transfer nei Syprus. De spits sil takom seizoen útkomme fan APOEL Nicosia, en tekenet snein dêrfoar it kontrakt. Dat makke de Syprioatyske klup snein op har site bekend. It kontrakt fan Goochannejhad by SC Hearrenfean rûn op 1 july fan dit jier ôf, en hy ferhuzet dan ek transferfrij nei de Syprioatyske liga.

Njonken SC Hearrenfean hat Goochannejhad ek spile foar Sportklup Cambuur, it Ingelske Charlton Athletic en it Belgyske Standard Luik. De Fries fan Iraanske komôf siet dizze simmer noch by de seleksje fan it Iraanske nasjonale alvetal, wêrmei't er meidie oan it WK yn Ruslân.

(advertinsje)
(advertinsje)