Yn de kunde komme mei Fryslân: Mohamad is frijwilliger by Welcome to The Village

Festivals draaie benammen op frijwilligers. Se helpe by it opbouwen fan it festival, se wurkje yn de hoareka of meitsje it terrein skjin. As tank krije se de entree fergees of munten foar it evenemint. Mar foar Mohamad betsjut it frijwilligerswurk noch wat mear. Hy is ien fan de 'nijkommers' dy't troch Welcome to The Village útnûge is om op it festival as frijwilliger wurkûnderfining op te dwaan, nije freonen te meitsjen en om yn de kunde te kommen mei hoe't wy hjir festivals belibje.
Nijkommer Mohamad docht frijwilligerswurk op WTTV
Mohamad is 22 jier âld, is oardeheal jier ferlyn flechte út Syrië en wennet no yn Snits. "Sneek is de beste stad", seit er. Hy hat it nei it sin yn Nederlân. Welcome to The Village fynt er hiel leuk. Alle fjouwer dagen hat er as frijwilliger ferskate taken. "Gister moest ik het verkeer regelen, vandaag is het veiligheid. Als mensen vragen hebben of de weg niet weten, dan help ik ze daarbij." Mohamad nimt syn wurk hiel serieus. Dêr wêr't er kin, helpt er mei. "Pas als mijn werk klaar is, mag ik gaan feesten."
Ik heb vier maanden in een tent geslapen in Griekenland. Ik moest daar wachten om de grens over te kunnen steken. Als ik deze tenten zie denk ik daar niet aan terug. Ik heb een nieuw leven nu.
Mohamad Alhanfich
Stikem fynt hy it feesten op Welcome to The Village wol it moaiste. Alle minsken dy't blier binne, gesellich mei-inoar dûnsje en drinke. "Dit is een plek om te genieten." En dat docht Mohamad dan ek. Let yn de nacht, rûn 3 oere, siket er syn bêd op yn syn tintsje op de camping. It is foar Mohamad net de earste kear dat hy yn in tinte slept. "Ik heb vier maanden in een tent geslapen in Griekenland. Ik moest daar wachten om de grens over te kunnen steken. Als ik deze tenten zie denk ik daar niet aan terug. Ik heb een nieuw leven nu."
© Omrop Fryslân
Fakânsje hat Mohamad net nei't dit festival dien is. "Ik ga naar de zomerschool om de Nederlandse taal beter te leren en mijn inburgering te halen." Mohamad is fan doel om yn septimber mei de oplieding foar automonteur útein te setten. "Dat is echt mijn droom, om automonteur te worden hier in Nederland."
IepenUp, Innofest en de Rijksuniversiteit Groningen wurkje gear oan it projekt 'New Faces'. Ofrûne jier wie der op Welcome to The Village al in proef fan dit projekt. IepenUp ûndersiket hoe't festivals it bêste in bydrage leverje kinne oan yntegraasje en hoe't dit it bêste organisearre wurde kin. Ek by de festivals Oerol en Into the Great Wide Open binne nijkommers lykas Mohamad belutsen.