Ynternasjonale keunstners nei Tytsjerk

22 jul 2018 - 11:47
Under de Toer - Foto: Under de Toer

Achttjin keunstners út ûnder oare Japan, Brazilië, Súd-Afrika en Yndia en acht regionale keunstners sille fan moandei ôf oan it wurk yn Tytsjerk. Se dogge mei oan it projekt Fertellendeweis. Dêryn stiet in ferhaal út de Twadde Wrâldoarloch sintraal, oer 170 evakuees út Tiel dy't by ynwenners fan Tytsjerk opfongen waarden.

De keunstners brûke dat ferhaal de kommende twa wiken yn harren wurk. Doarpshûs Yn 'e Mande, de protestantske tsjerke en Park Vijversburg wurde dizze dagen iepen ateliers, dêr't ûnder oare wurke wurdt oan muzyk, dûns en foto.

Op snein 5 augustus is der in einmanifestaasje, wêrby't de keunst presintearre wurdt.

Trefwurden: 
LF2018 keunst Fertellendeweis
(advertinsje)
(advertinsje)