Fries om it libben kaam by autoûngelok yn Gelderlân

22 jul 2018 - 11:05
Foto: News United / Stefan Verkerk

Op de A28 tusken Elspeet en Epe is sneintemoarn betiid in 40-jierrige man út Drachten om it libben kaam. De automobilist rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. De auto sloech meardere kearen oer de kop. De man út Drachten waard dêrby út de auto slingere. Hy ferstoar op it plak fan it ûngelok.

Foto: News United / Stefan Verkerk
Trefwurden: 
ûngelok
(advertinsje)