Begjin oanlis lûdswâl Sintrale As

22 jul 2018 - 10:43

It ferkear op de Sintrale As moat de kommende wiken rekken hâlde mei wurksumheden op 'e hichte fan Burgum. Dit kin eventueel foar fertraging soargje. Oannimmer Van der Wiel út Drachten begjint dêr moandei mei de oanlis fan in lûdswâl. De wâl komt tusken de Hillemawei en de Simmerwei.

De Sintrale As - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De grûn dy't nedich is om de wâl oan te lizzen, komt út depots by Garyp en De Tike/Nijegea. De oanfier fan de grûn wurdt dien mei frachtauto's, dus ek op de dyk sels sil der wat mear wurkferkear oanwêzich wêze.

Under de wurksumheden is der ien rydstrook fanút de rjochting Burgum nei Hurdegaryp ôfsletten. Ek mei der minder hurd riden wurde. Nei ferwachting is it wurk foar 1 oktober klear.

Trefwurden: 
Sintrale As
(advertinsje)
(advertinsje)