Skoalle winsket belutsenen stekpartij Lübeck sterkte ta

21 jul 2018 - 22:28

It kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert winsket de belutsenen fan de stekpartij in Lübeck sterkte ta. Dat falt te lêzen op de webside fan de skoalle.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

De twa Fryske jongeren dy't freed by Lübeck ferwûne rekken, binne âld-learlingen fan it kristlik gymnasium yn Ljouwert. ''We willen vanaf deze plek deze oud-leerlingen, hun reisgenoten en hun familie veel sterkte wensen bij hun herstel'', sa skriuwt de skoalle.

Stekpartij Lübeck

By de stekpartij yn de bus by it Dútske Lübeck rekken twa Fryske jongeren ferwûne. In 21-jierrige man út Ljouwert wie der slim oan ta, mar is yntusken bûten libbensgefaar. De dieder, in 34-jierrige Dútser fan Iraanske komôf, wurdt fertochte fan poging ta moard.

(advertinsje)
(advertinsje)