Ysbrand Galama wint fierljeppen yn Winsum

Ysbrand Galama fan Warkum hat sneontejûn yn Winsum it fierljeppen yn de topklasse wûn. Mei in ôfstân fan 20.42 meter bleau hy Hannes Scherjon fan Noardburgum (18.18) mei mear as twa meter foar. Dêrmei wie de earste seizoensoerwinning foar Galama in feit. Bauke de Jong fan Parregea einige as tredde yn Winsum; hy ljepte nei in ôfstân fan 18.01 meter. Favoriten Nard Brandsma (3 kear wiet) en Thewis Hobma (17.08) stelden teloar en kamen net yn de finale.
Ysbrand Galama wint fierljeppen yn Winsum
By de froulju gie de winst nei Sigrid Bokma fan Hylpen. Sy kaam ta in ôfstân fan 14.97 meter. Anneke Broersma einige op it twadde plak mei 13.88 meter, folge troch Boukje de Boer mei 13.54 meter.

Freark Kramer

De dit jier oppermachtige Freark Kramer fan It Heidenskip wûn de wedstriid by de junioaren mei 19.83 meter. Dat is mar 2 sintimeter ûnder syn persoanlik rekôr, dêr 't Kramer ferline jier Nederlânsk kampioen mei waard by de junioaren yn Jaarsveld (19.85 m)
Wisse Broekstra wie de bêste by de jonges mei 16.76 meter; by de famkes wûn Pytrix Westra mei 14.63 meter.
De sprongen fan Sigrid Bokma, Wisse Broekstra en Pytrix Westra