Campinghâlder: "Bêste simmerseizoen yn tritich jier"

21 jul 2018 - 19:17

Mei de earste echte fakânsjedei foar in soad Friezen is it sneon topdrokte op de Fryske campings. Sa ek op de Kuilart yn Koudum. Campers en caravans stean yn 'e rige om it moaiste plakje te krijen. "Ik sprak vanochtend mijn ouders. Zij begonnen dertig jaar geleden met een camping in Earnewâld en hebben nog nooit zo'n mooi zomerseizoen meegemaakt", sa fertelt eigener Wouter Bleckman fan De Kuilart.

Ek de gasten genietsje folop fan it waarme waar. "We staan net een kwartiertje op de camping. We doen lekker rustig aan, eerst maar een bakje koffie", seit in fakânsjegonger. "We hadden al een camping in Spanje geboekt, maar dat ging door omstandigheden niet meer door. Toen hebben we dit geboekt en we hebben er nog geen minuut spijt van gehad!"

Beharkje de reportaazje fan Jeroen Boersma

(advertinsje)