SC Hearrenfean wint oefenduel fan Kayserispor

21 jul 2018 - 17:59

Sportklup Hearrenfean hat sneontemiddei de oefenwedstriid tsjin it Turkske Kayserispor mei winst ôfsletten. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it tsjin Kayserispor, mei âld-Hearrenspiler Bilal Basacikoglu, úteinlik 2-1 foar Hearrenfean.

Sam Lammers makke yn de 33ste minút it earste doelpunt foar de Feansters. Tsien minuten letter kaam de nûmer njoggen fan de Turkske kompetysje op likense hichte, troch in doelpunt fan Deniz Turuc.

Henk Veerman

Nei it skoft barde der lange tiid net in soad. Pas yn de 83ste minút kaam Sportklup Hearrenfean op foarsprong troch in goal fan ynfaller Henk Veerman. Dy krige de bal oanspile yn it strafskopgebiet en skeat de bal hurd yn it doel. Dêrmei wie de oefenwinst foar Hearrenfean binnen.

Foar de folgjende oefenwedstriid fan SC Hearrenfean moat de ploech nei Dútslân; dêr wachtet 1899 Hoffenheim. Op 4 augustus spilet de ploech syn lêste oefenduel; dan komt it Spaanske Levante op besite yn it Abe Lenstra Stadion.

SC Hearrenfean - Kayserispor 2-1 (1-1). 33. Lammers (1-0), 42. Turuc (1-1), 83. Veerman (2-1).

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Floranus, Høegh, Bulthuis, Pierie (73. Woudenberg), Kobayashi (61. Kongolo), Thorsby, Vlap, Rojas (73. Frederiksen), Lammers (80. Veerman) en Zeneli (73. Mihajlovic).

(advertinsje)
(advertinsje)