Stadichoan mear dúdlikheid oer stekpartij yn Lübeck

21 jul 2018 - 16:57

Der wurdt stadichoan hieltyd mear dúdlik oer de stekpartij freed yn in bus by de Dútske stêd Lübeck. Dêrby rekken twa Fryske jongeren ferwûne. In 21-jierrige man út Ljouwert wie der slim oan ta, mar is yntusken bûten libbensgefaar. De dieder, in 34-jierrige Dútser fan Iraanske komôf, wurdt fertochte fan poging ta moard.

Yn it midden haadoffisier fan justysje Ulla Hingst - Foto: ANP

Neffens Ulla Hingst, haadoffisier fan justysje yn Lübeck, is de stêd skrokken fan wat der bard is. ''Lübeck is tige skrokken. Wy binne bliid dat der gjin deaden fallen binne en dat it libben fan de 21-jierrige man út Fryslân rêden wurde koe. Gelokkich is hy net mear yn libbensgefaar.''

Haadoffisier fan justysje Ulla Hingst

De 21-jierrige Fries sil nei alle gedachten moandei heard wurde troch justysje, as syn sûnens dat talit. ''It moat om syn sûnens dan wol kinne, mar wy hoopje takom moandei mei him prate te kinnen'', seit Ulla Hingst.

Motyf

Oer it motyf fan de 34-jierrige Dútske fertochte is noch neat bekend. ''De fertochte swijt oant no ta'', neffens de haadoffisier fan justysje. ''Wol kinne we sizze dat it in bewuste aksje wie fan de dieder. Op basis fan bylden fan de fideokamera's yn de bus wurdt de dieder ek fertochte fan poging ta moard.''

Nei oanlieding fan de bylden tinkt de plysje dat it doel fan de fertochte wie om de folle bus yn 'e brân te stekken en sa in soad minsken ferwûningen ta te bringen. Dat er dêrby deaden falle soene, naam er op 'e keap ta.

Trefwurden: 
justysje stekpartij Lübeck
(advertinsje)