Rêdingsboat útfearn foar man yn it wetter by Makkum

21 jul 2018 - 15:15

Op de Iselmar by Makkum is sneontemiddei in man út it wetter helle. De man wie oer board slein, hoe't dat koe is net bekend. De rêdingsboat fan Hylpen fear út om de man te rêden, mar foardat dy te plak wie, wie de man al oan board fan in foarbykommend skip.

De bemanning fan de rêdingsboat hat de drinkeling kontrolearre; dy wie wurch, mar makket it fierder goed. Hy is tegearre mei de boat dêr't er op siet troch de rêdingsboat nei Hylpen brocht.

(advertinsje)