Te min wyn: sylrace fan Lauwerseach nei Noarwegen ynkoarte

21 jul 2018 - 14:55

De sylrace nei it Noarske Larvik, dy't sneon op 'e neimiddei úteinset yn Lauwerseach, is mei 60 mijl ynkoarte. Dat meldt RTV Noord. Der stiet oan it begjin fan it trajekt amper wyn.

De haven fan Lauwerseach - Foto: Rykswettersteat

De race, mei de namme Colin Archer Memorial Race, begûn yn 1982 om Lauwerseach op 'e kaart te setten. De start fan de race is sneon om healwei fiven. It startsein wurdt jûn troch boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel en boargemaster Koos Wiersma fan De Marne. Finishe kin oant uterlik woansdei.

Dielnimmers

''Iedereen kan in principe meedoen'', fertelt foarsitter Ted van der Zee tsjin de kollega's fan RTV Noord. ''Je moet ook een x aantal mijlen gevaren hebben op zee en een goed schip hebben. Die worden allemaal gekeurd. Als wij vinden dat je er geschikt voor bent, mag je mee.''

Trefwurden: 
Lauwerseach silen race
(advertinsje)