Ravaazje nei't automobilist op dukdalf botst

21 jul 2018 - 14:18
Foto: De Vries Media

In autobestjoerder is sneontemoarn ferwûne rekke nei't er op de Trekwei by Westergeast op in dukdalf knald wie. Dat is in swiere peal dy't gewoanwei yn it farwetter stiet om boaten oan fêst te meitsjen.

De peal stie op de Trekwei yn de berm. Troch de klap sloech de dukdalf út de grûn. De auto kaam 50 oant 70 meter fierderop ta stilstân. De autobestjoerder is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is in bloedproef by him ôfnaam. Syn auto rekke folslein fernield. Parkearre auto's op in hiem tichtby it ûngelok hawwe ek skea oprûn. Op de Trekwei wie it in grutte ravaazje. De dyk wie dêrom tydlik ôfsluten.

Trefwurden: 
ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)