Ljouwerter twa kear op 'e bon yn ien nacht
In Ljouwerter (47) hat sneontemoarn betiid twa kear in bekeuring krigen fan de plysje. De earste wie omdat er betrape waard mei in mes yn de binnenstêd fan Ljouwert wylst je dat dêr net hawwe meie. Doe't er dêrop it binnenstêd-ferbod dat er fan de plysje krigen hie ferskuorde en yn 'e grêft smiet, gie er opnij op 'e bon. Dit kear fanwege in miljeu-delikt.