Dútser wurdt fertocht fan poging ta moard op Fries

21 jul 2018 - 13:37

De fertochte fan de stekpartij freedtemiddei yn in bus yn it Dútse Lübeck wurdt fertocht fan poging ta moard op in 21-jierrige Fries. Dat stiet yn in ferklearring dy't de haadoffisier fan justysje fan Lübeck sneon oan it begjin fan de middei nei bûten brocht. De fertinking is der neidat der fideobylden út de bus besjoen binne. De fertochte sels docht der sûnt syn arrestaasje it swijen ta.

Foto: ANP

Nei oanlieding fan de bylden tinkt de plysje dat it doel fan de fertochte wie om de folle bus yn 'e brân te stekken en sa in soad minsken ferwûningen ta te bringen. Dat er dêrby deaden falle soenen naam er op 'e keap ta. Doe't it yn 'e brân stekken fan de bus net slagge, stuts de man om him hinne. Under oare de Fries waard dêrby rekke.

De man soe ek de bussjauffeur yn it gesicht slein hawwe, doe't dy besocht it fjoer út te meitsjen dat de man oanstutsen hie. De autoriteiten befêstigje ek dat de 21-jierrige Fries bûten libbensgefaar is, neidat er yn de nacht fan freed op sneon in tal oeren operearre is. Fan de 10 ferwûnen is de Fries der it slimst oan ta. De Dútse plysje wol besykje om nije wike ek fan it Fryske slachtoffer in ferklearring op te nimmen, mar sil dat allinnich dwaan as de sûnenssituaasje fan de man dat talit. Fan twa oare Fryske tsjûgen hat de Dútse plysje al in ferklearring opnommen.

Omdat de oanslach yn de bus bysûnder skokkend wie foar de santich ynsittenden wurdt harren ek slachtofferhelp oanbean. De minsken yn de stêd Lübeck binne geweldich skrokken fan it ynsident yn de bus, dy't ûnderweis wie nei de feesten fan de 'Travemünder Woche'. De offisjele iepening fan dat feest waard fanwege de oanslach yn de bus skrast. It evenemint giet wol troch, mar wol mei ekstra plysje.

Haadoffisier fan justysje Ulla Hingst fan Lübeck (yn it Dúts)

Trefwurden: 
justysje Lübeck stekpartij
(advertinsje)
(advertinsje)