"Bereinen fan blomkoal en broccoli moat trochgean"

It bereinen fan blomkoal en broccoli moat as it heal kin mooglik bliuwe, want dizze gewaaksen kinne net sûnder wetter. Dat seit bouboer Libbe Weidenaar fan Nes yn Dongeradiel. Yn dy gemeente stiet wol sa'n 500 bunder blomkoal en broccoli.
"Bereinen fan blomkoal en broccoli moat trochgean"
Libbe Weidenaar bereint syn blomkoal en broccoli op't heden dei en nacht. Dy griente hat op syn minst 20 oant 25 milimeter yn 'e wike nedich, want oars ferkomme de planten. As hy net mear bereine kin, dan kostet dat syn bedriuw mear as fjouwer ton oan omset en kin er syn meiwurkers wol nei hûs stjoere.
"Blomkoal kin net sûnder wetter" © Omrop Fryslân

Mear tiid

Moandei oerleit Wetterskip Fryslân mei de boeren oer it bereiningsferbod dat nei alle gedachten nije wike woansdei yngiet. Wetterskip Fryslân makket sels al in ûnderskied tusken gerslân en boulân. It is it doel om de bouboeren wat mear tiid te jaan om harren gewaaksen te bereinen. Ek de 'ferdringingsreeks' dy't jildt by ekstreem delslachtekoart jout it wetterskip romte om by in bereiningsferbod útsûndering te meitsjen foar 'kapitaalyntinsive gewaaksen'.
De reinmjitter op it hiem fan De Vries stiet druch © Omrop Fryslân
Ut namme fan LTO sil bouboer Tineke de Vries moandei pleitsje foar in útsûndering foar de kapitaalyntinsive gewaaksen. De Vries hat sa lang as sy boerinne is noch noait sa'n drûge simmer meimakke. Troch it boulân foar de ierappels rinne djippe skuorren, want poatierappels meie net bereind wurde fanwege it risiko op brúnrot. "Ik fyn hjir neat oan", seit De Vries. "As boer wolle je graach dat it spul der goed by stiet."
Bouboer Libbe Weidenaar fan Nes (D) is drok oan it bereinen
Tineke de Vries fan LTO oer it bereiningsferbod