Omrop Tip: Buro de Vries yn Molkwar

Tusken de Iselmarstedsjes Starum en Hylpen leit Molkwar, in doarpke mei in lytse 400 ynwenners. By it hearren fan de namme Molkwar wurdt meastentiids tocht oan de ferneamde Molkwarder koeke. In koeke dy't makke waard yn de ambachtlike bakkerij yn it doarp, mar tsjintwurdich yn De Jouwer út de ovens komt. It bakkerswinkeltsje is hjoed-de-dei in museumke mei de ynrjochting fan it eartiidse winkeltsje, in âlderwetsk ynrjochte wenkeamer en in souderferdjipping mei fiskersark en âlde foto's.
it Bakkerswinkeltsje, Molkwar © Omrop Fryslân
Molkwar hat lykwols folle mear te bieden as allinnich de koeke. It doarpke hat in bysûndere skiednis. Sa hat der yn de 14e iuw, krekt as by Warns, in striid plakfûn tusken Hollanners en Friezen. Molkwar hjitte doe noch Molckenhuys. Letter feroare dat yn Molcwere, ôflaat fan "melkweren", stikken lân mei in soad wetter en geskikte grûn om melkfee te weidzjen.
strjitsje yn Mokwar © Omrop Fryslân

Doalhôf fan it Noarden

Molkwar wie boud op sân pôlen (eilantsjes). De doarpsbewenners hiene kontakt mei-inoar fia 27 brechjes en planken oer it wetter. Troch dy gribus oan strjitsjes, kanalen en brêgen waard Molkwar ek wol it doalhôf fan it Noarden neamd. Tsjintwurdich binne in soad sleatten tichtsmiten. Dochs is dy âlde struktuer noch wol werom te finen.
Ien fan de sleatsjes yn Molkwar © Omrop Fryslân
Fan de 16e oant ein 17e iuw wie Molkwar in wichtich fiskersdoarp, mei in seehaven en in eigen slûs om yn it feilige binnenwetter komme te kinnen. Yn de heechtiiddagen hie it sels in eigen hannelshûs yn Amsterdam. Troch dy ynternasjonale kontakten boude Molkwar - krekt as Hylpen - in eigen kultuer op, mei in eigen taal, in eigen klaaiïng en skilderkeunst.
De taal dy't praten waard, hie skaaimerken fan it âld-Frysk. It waard yn de 17e en 18e iuw beskôge as it echte Frysk en fan fier wei kamen ferneamde minsken nei Molkwar ta om de taal te hearren en te bestudearjen. Sa hat der in rike Italiaanske hertoch yn Molkwar taholden en hat Gysbert Japicx in koart skoftke yn Molkwar wenne.
Molkwar wie ferneamd om de hannel yn swanne-pikelfleis. Yn it doarpswapen fan it doarp is de swan noch ôfbylde: in wite swan yn in swart fjild.
De Lebuïnustsjerke mei it doarpswapen © Omrop Fryslân

Rekreaasje

Hjoed-de-dei hat Molkwar in lytse 400 ynwenners. Simmerdeis komme dêr in hiel soad toeristen by dy't op camping it Séleantsje, it bungalowpark Piacco en yn ferskate bêd en brochjes tahâlde. Foar dy toeristen is ynformaasje oer it doarp te finen op ynformaasjebuorden dy't oeral yn en bûten it doarp steane. Fierder wurde der rûnliedingen organisearre.
Camping it Séleantsje, Molkwar © Omrop Fryslân
Der binne ek saken dy't omtinken freegje. Basisskoalle it Swannenêst giet op 1 augustus ticht. Op dit stuit is in wurkgroep dwaande mei it ûntwikkeljen fan in plan foar it skoalgebou dêr't ek it doarpslokaal yn festige is. En de âlde slûs is slim fertutearze en moat nedich opknapt wurde.
Basisskoalle "it Swannenêst" © Omrop Fryslân
It radioprogramma Buro de Vries sit dizze simmer op it doarpsplein. Yn dit jier fan LF2018 giet it Buro op syk nei de ferskillende doarpsmienskippen fan Fryslân. Tsien wike lang, fan 8 july oant en mei 9 septimber, alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere op 92.2 FM.