Tastân Frysk slachtoffer Lübeck net langer krityk

De tastân fan de Fries dy't freedtemiddei ferwûne rekke by in stekpartij yn Dútse Lübeck is net langer krityk. Dat skriuwt de NOS, dy't mei ien fan syn freonen dêr't er mei yn Dútslân wie praat hat. It 21-jierrige slachtoffer leit noch wol op de intensive care, syn âlders binne by him. Hy is yn de nacht fan freed op sneon seis oeren lang operearre. It oare Fryske slachtoffer soe in opperflakkige ferwûning hawwe. De twa sieten mei noch twa Friezen yn de bus, dêr't de stekpartij wie.
© ANP
It is noch hieltyd ûndúdlik wêrom't in 34-jierrige Dútser fan Iraanse komôf om him hinne stutsen hat. De man hat neffens de NOS noch neat oer syn die sein. Nei alle gedachten wurdt er sneon foarlaat by de rjochter. Justysje wol him ferfolgje foar it besykjen fan brânstichting en swiere mishanneling.
Neffens de minister fan Ynlânske Saken fan de dielsteat Sleeswyk-Holstein liket it der net op dat de aksje in terroristyske achtergrûn hat. It Dútse blêd Der Spiegel lit de heit fan de fertochte oan it wurd. Dy seit dat er psychyske problemen hat. Hy soe fine dat de buorlju him mishannelje mei oanfallen mei skeadlike strieling troch de muorre hinne. Ek soe er mei syn eks-frou striden hawwe oer de soarch foar harren dochter. Dy dochter soe er ek al in skoft net mear sjoen hawwe. "Deswegen war er frustriert und verärgert", skriuwt Der Spiegel.
By de stekpartij rekken tsien minsken ferwûne, wêrûnder de twa Friezen.
Fertochte fan stekpartij yn Lübeck is Dútser fan Iraanse komôf