Kollum: "Foar wa moatte we no bang wêze, mem?"

"Yn Israel hjit it de Mossad, de Britten neame it MI6, yn Nederlân dogge we it mei de AIVD, earder yn de DDR neamden se it de Stasi. Sa hawwe hast alle lannen wol in apparaat dat him dwaande hâldt mei de feilichheid fan de Heimat.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Ynljochtingetsjinst, feilichheidstsjinst of in kombinaasje dêrfan. Der is in skala oan tsjinsten dy't in lân it idee fan skynfeilichheid jaan moat. Je hawwe njonken de al neamde en ridlik romrofte nammen ek ôflustertsjinsten, militêre ynljochtingetsjinsten en dan binne der ek yn guon lannen ek noch de saneamde private ûndernimmings dy't harren dwaande hâlde mei it garjen fan ynformaasje.
Der binne lannen dêr't fan sein wurdt dat yn hast eltse hûshâlding wol ien is dy't bannen mei de geheime tsjinst hat, op hokker wize dan ek. Alles rjochte op it kalm en braaf hâlden fan de befolking. Neat dwaan dat yn de eagen fan 'harren' liede kin ta in oanhâlding of boete. Doch mar gewoan, dan dogge je al gek genôch, it soe hast Frysk eigen neamd wurde kinne.
Libje mei de eangst dat je konstant yn de gaten hâlden wurde. En litte we earlik wêze, dat is fansels ek sa. Oeral hingje kamera's, it ynternet wurdt oan alle kanten hackt en steane jo derfoar yn dat wat jo yn jo mobile telefoan sizze allinnich troch de gesprekspartner heard wurdt? As we alles leauwe meie, wit de gemiddelde krimineel krekt wat jo it leafst op jo bôle smarre. Neat is mear fan ússels. Digitaal of hoe dan ek, big brother is watching you. It sweeft allegearre troch de loft of it leit op strjitte.
Lokkigernôch leit dêr ek humor. As je it mar sjen wolle. Want eartiids wie alles fansels folle better. Je wisten bygelyks foar wa't je benaud wêze moasten. As bern wie it saak om je te gedragen, oars ferdwûnen je yn de sek fan Swarte Pyt en waarden ôffierd nei Spanje. As ik Gurbe Douwstra leauwe mei, en ik haw gjin reden om dat net te dwaan, moasten de Drachtster bern eartiids goed om Johannes Bim Bam tinke. It is aanst allegearre histoarje, mar je wisten wol hoe en wat. It wie oersichtlik.
Sa binne wy hjir yn West Europa mei ús allen grut wurden mei it idee dat as der driging wie, it by de Russen wei kaam. Soks is der goed ynpipere. De Russen stiene foar it kwea. It westen wie goed. Even wat nuânse yn dit ferhaal, Napoleon en Hitler hawwe de Russen besocht der ûnder te krijen, it heucht my net dat master Visser my op de legere skoalle yn Ketlik leard hat dat we hjir ea troch de Russen in skoft beset west ha.
Ruslân hie de freeslike KGB. As je dy trije letters útsprutsen, hienen je al pikefel. Bylden fan strafkampen mei it rezjym fan Quantanamo Bay, fier yn Sibearië kamen yn ús op, of net dan. No ja, Quantanamo is fan de Amerikanen, mar dy hawwe ús yn 1945 befrijd fan ús neiste buorlju, dus dat is goed folk. Dy hawwe de CIA en de FBI en dogge neat ferkeard. Hoewol... Dy gekke presidint fan harren, dy mei dat maffe hier, dy docht it neffens ús hjir yn it alwittende West Europa fansels net goed. Dy besiket ferdikke sels mei syn ierdsfijân Ruslân goede betrekkings op te bouwen. It moat net mâler! We moatte dochs wol wat spanning op wrâldfrede nivo hâlde, oars hawwe we neat om oer te lêbjen.
En dan noch slimmer: Hoe moat it no mei ús bern? Aanst wurde se nachts wekker mei it benearjende idee dat der net ien mear is om bang foar te wêzen. Je soenen der benaud fan wurde."