Undernimmers brûke noardlike festivals om produkten te testen

Biobekers fan mais, ûnderbroeken fan âlde blûskes, plantebakken mei blommen dêr't muzyk mei komponearre wurde kin. It is sa gek net te betinken of it is te sjen by Welcome to the Village. It festival is net allinnich in plak om te dûnsjen en te drinken, mar it tsjinnet ek as libjend laboratoarium. Foar bedriuwen en ûndernimmers is it in geskikt plak om harren produkten te testen.
Undernimmers brûke noardlike festivals om produkten te testen
Innofest helpt alle jierren sa'n 30 ûndernemers, studinten en start-ups om harren nije produkten te testen op in festival yn it noarden fan it lân. In soad bedriuwen teste harren ynnovaasjes net, wêrtroch't der ek in soad mislearje, seit Innofest. Festivals binne ek in soart mini-maatskippijen dêr't de produkten better en rapper test wurde kinne as yn de maatskippij.
Op festivals kunnen we producten echt testen, omdat het hier tijdelijk is. Je breekt het ook weer makkelijk af.
Friso Visser, Innofest
Foto: Johanna Brinkman, Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
Yn totaal wurde der dit jier op acht festivals ferskate ynnovaasjes testen. Mei it festival as testromte wol Innofest derfoar soargje dat bedriuwen en ûndernimmers dêrnei harren produkten ek yndie op de merke bringe. "Het is echt de bedoeling dat mensen hier niet alleen maar testen en er verder niks mee doen. We hopen dat deze ondernemers de wereld gaan veranderen en rijk gaan worden. Dat zijn product in heel Nederland of zelfs de wereld overgaat. Er zijn innovaties van ons die gaan de grens over. Dat is fantastisch dat wij daar een steentje aan bij hebben kunnen dragen", seit Friso Visser fan Innofest.
Ynnovaasjes op Welcome to the Village