Switte en trochsette op de Hynstedagen fan Garyp

21 jul 2018 - 07:25

Al wiken is it drûch en waarm simmerwaar en kin de provinsje wol wat ferkuolling brûke. Mar op de Hynstedagen yn Garyp sykje leafhawwers fan de sport de waarmte krekt op.

Foto: Johanna Brinkman, Omrop Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

De hynders en beriders wurkje harren yn it swit en de taskôgers sitte yn de folle sinne nei de ferskillende rubriken te sjen. Mar is de 20ste edysje fan de Hynstedagen net wat te hyt? Neffens foarsitter Sietse de Boer falt dat wol wat ta. "It is wol wat drûch, mar prachtich moai waar. Wy hawwe wol foar genôch wetter foar de hynders soarge. De grûn is wol hurd, dus dêr hawwe de riders wol wat lêst fan. De tugers en de sjezen kinne wol merke dat it mear skokt."

De besikersoantallen lykje foarearst op itselde út te kommen as ôfrûne jier, al hie De Boer op freed leaver wat mear minsken sjoen. "Dat falt my wol wat ôf, mar op sneon is it folle bak tink ik, dan ha we in spektakulêre show."

Lokkigernôch mei ik sûnder jaske ride.

Ien fan de dielnimmers oan de Hynstedagen

Der binne minsken dy't de folsleine dei op it terrein te finen binne. "It wie fan 'e middei wol waarm, mar it wie te dwaan", sei ien fan de besikers freedtejûn. De hynders lykje wol aardich oer de waarmte te kinnen, ek al moatte se wol grutte ynspannings leverje. "It is wichtich om de hynders nei de tiid te kuoljen troch se ôf te spielen mei wetter. En dêrnei net te bot yn de sinne. Echt folle kinne je der net oan dwaan, mar lokkigernôch mei ik sûnder jaske ride", seit in ruter dy't sneontemoarn mei twa hynders yn aksje komme sil.

De organisaasje ferwachtet gjin problemen mei de waarmte op de lêste dei fan it hynderspektakel.

Trefwurden: 
Garyp Hynstedagen hynders
(advertinsje)
(advertinsje)