Drinkeling Burgum yn sikehûs ferstoarn
De 16-jierrige jonge dy't freedtemiddei yn Burgum yn de problemen kaam mei it swimmen, is yn it sikehûs ferstoarn.
De jonge wie mei freonen oan it swimmen yn it Prinses Margrietkanaal. Doe't er yn de problemen kaam, waarden meardere brânwacht- en dûkteams oproppen. Dy ha de jonge út it wetter helle, direkt reanimearre en dêrnei nei it sikehûs yn Grins ta brocht. Dêr is de jonge letter dus ferstoarn.
Slachtofferhelp
Der wienen in soart minsken by, dy't ek mei de 16-jierrige jonge oan it swimmen wienen. Sy krije slachtofferhelp.