Waadhoeke skriuwt húsfêsters fan arbeidsmigranten oan

De gemeente Waadhoeke hat dizze wike alle ferhierders fan wenromte oan arbeidsmigranten oanskreaun om harren derop te wizen dat dêr tenei in fergunning foar nedich is. Nei de simmerfakânsje sil de gemeente mei de ferhierders yn petear.
© Omrop Fryslân
Earder dit jier hat de nije gemeente it belied fan de trije âlde gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel harmonisearre. Dat belied giet oer de húsfesting fan arbeidsmigranten út lannen as Poalen en Grikelân. Mei it belied wol Waadhoeke foarkomme dat de arbeidsmigranten allegearre byinoar yn ien strjitte wenje, want dat is neffens de gemeente net goed foar de yntegraasje. Ut it doarp Berltsum kamen earder klachten oer it húsfestjen fan arbeidsmigranten 'op ien bult'. Ek yn Easterbierrum wienen der soargen oer de konsintraasje fan arbeidsmigranten op guon plakken.
De ferhierders fan wenromte oan arbeidsmigranten hawwe no acht wiken de tiid krigen om te reagearjen op it brief fan de gemeente. Oanslutend, heal septimber, sil de gemeente mei de belutsen bedriuwen en ferhierders yn petear.

"We ha se hurd nedich"

De gemeente Waadhoeke stribbet der no ta om de húsfesting fan de bûtenlânske wurknimmers "netsjes te regeljen". Wethâlder Nel Haarsma: "It binne minsken dy't hurd wurkje en litte we earlik wêze: we hawwe se ek hurd nedich foar it wurk yn de kassen."