Twa Fryske jongeren ferwûne by stekpartij yn Lübeck

20 jul 2018 - 21:06

Der binne twa Fryske jongeren ferwûne rekke by de stekpartij freed yn in bus yn de Dútske stêd Lübeck. De twa wienen mei twa oare Friezen op fakânsje yn Hamburg. De trije manlju en de frou kenne inoar fan it gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert. Ien fan de twa ferwûnen leit noch yn it sikehûs.

Foto: ANP

It slachtoffer dat noch yn it sikehûs leit, waard delstutsen troch de dieder. Ien jonge (22) fan it Fryske freonegroepke fertelde dat er op in gegeven momint in tas yn de brân seach yn de bus:. "Toen hoorde ik achter mij dat mensen in paniek waren, want achterin was er ook vuur. Ik dacht dat de bus zou exploderen. Ik heb twee oudere mensen gepakt en we zijn de bus uit gerend."

Under de nekke rekke

"Een van m'n vrienden ging daarna terug naar de bus, want hij wilde er nog iemand uit halen. Het eerste wat ik toen zag, was dat een man zich naar mijn vriend draaide, uithaalde en hem net onder zijn nek raakte. Hij was vrij heftig aan het bloeden. Onze twee andere vrienden kwamen bij ons. Toen zijn we de weg opgerend, hebben we een auto tegengehouden en het alarmnummer gebeld. Daarna kwam de politie en ook de brandweer met een EHBO-set."

Ek in jonge frou fan it freonegroepke rekke ferwûne, mar sy is der net slim oan ta.

Ik was echt doodsbang.

In freon fan de ferwûne Friezen yn Lübeck

De jonge dy't stutsen waard, leit no yn it sikehûs. "Ik was echt doodsbang en ik ben nog steeds heel bang dat er iets met onze vriend is", seit de freon. "We gaan er nu zo snel mogelijk naartoe. Zijn ouders zijn er al."

Yn totaal binne der tsien minsken ferwûne rekke. De fertochte is oppakt.

Trefwurden: 
stekpartij Lübeck
(advertinsje)